Op de earste dei fan desimber 2018 allinich moarns fuotbal op ús sportpark om't de wedstriid fan de froulje fan Aldegea tsjin Mildam is útsteld. Oudega/HJSC/Heeg JO15-1 ferlear yn de slotfaze troch een pengel mei 1-2 fan subtopper SC Emmeloord JO15-1. Oudega/HJSC/Heeg JO9-3 wie fierstente sterk foar Frisia JO9-4 út de Fryske haadstêd. Oudega/HJSC/Heeg JO10-1G begún stroef tsjin SWZ Boso Sneek JO10-2 mar doe er ien skiep oer de daam gie folgden der mear, hoewol OHH mear tsjinstân hie as yn Snits. Oan de hân fan útblinker Klaas-Jimte Regeling waard it 9-4. Klik hjir foar it fotoferslach fan dizze sneontemoarn 1 desimber 2018.

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen