We stean of eins we bin al dwaande mei in nij fuotbalseizoen. It foarige waard yn maart abrupt ôfbrutsen...de reden is ûndertusken wol bekend en dit kin ek yn dit nije seizoen foar problemen soarchje. Dochs moatte we ús net gek meitsje litte, ferkâldheid en gewoane gryp leit mei dit waar ek op de loer. En dan is der noch de ferbouwing fan doarpshús It Joo. Dizze is noch yn folle gong mar fanôf kommende tiisdei 1 septimber kin de fuotbalklup der wer gebrûk fan meitsje (mei de corona/maatregels yn acht te nimmen) en is ek de kantine wer iepen. It resultaat mei der seker wêze mei in wiere katakombe.

Nei in oantal hiele meagere jierren sit der gelokkich wer rek yn it oantal senioaren leden. En dan ek by de manlju. It earste âlvetal bestiet ûndertusken út leafst 25 spilers en it skient dat der noch in oantal nijelingen yn oantocht binne! Lúkseproblemen dus foar lieder en foarsitter Gerrit Martens en in hiele oare puzel. Ek de 35+ hat har mei in oantal âld gedienden fersterke. Sietze de Jong, Cor Regeling en Homme-Hendrik Woudstra sille de fuotbalskuonen wer oanlûke. In soad sukses winske! It frouljus 7-tal kin noch wol wat spilsters brûke. Op freed 25 septimber begjint foar de 7-tallen de kompetysje dus ek foar de 45+.

Foar it manlusteam en frouljusteam is takom wike sneon 5 septimber de kick-off foar de beker. Gelyk knock-out wedstriden, dus gjin gerekken. Aldegea 1 spilet de derby yn Drylts tsjin IJVC 3 (ek in 6de klasser) wylst Aldegea VR1 de pikante thúswedstriid spilje tsjin HJSC VR1. De grienhimden ha foar it earst yn de skiednis in frouljusteam besteande út spilsters dy't de oerstap fan de jeugd makke hat (OHH MO19-1 dus). Hja ha dus keazen foar de oerstap nei De Hommerts en net foar oanslúting by Aldegea wat al bekend stie om harren frouljusfuotbal. Dit is spitich mar wurd úteraard respektearre. Takom wike sneon dus de derby yn Aldegea!

En dan op sneon 12 septimber de kompetysjestart. Sa as it no stiet útwedstriiden foar sawol de manlju (Koudum) als froulju (Starum) mar op de êftergrûn wurd der noch oan wurke want ideaal is it net dat Aldegea 1 en Aldegea VR1 tagelyk thús spilje en dat der dus om de 2 wike gjin wedstriid op sportpark It Joo is.....ôfwachtsje dus.

Wat de jeugd oanbelanget spilje de folgjende teams harren thúswedstriden yn Aldegea: OHH JO17-1, OHH JO13-2, OHH JO11-1, OHH JO10-2, OHH JO9-1 en OHH JO8-1.

Noch in meidieling fan it bestjoer fan v.v. Aldegea: fanôf no net mear traine op it haadfjild! Dus gewoan op it trainingsfjild wat der foar bedoeld is. We kin ek der genietsje fan LED-ferjlochting dy't ôfrûne simmer oanlein is.

In meidieling fan de wepmaster sels: ferslachen fan wedstriden of nijsberjochten binne fan herte wolkom dus ek fan de jeugd! Dit mei úteraard ek yn in Nederlânsk. It mailadres foar oanlevering is: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen