Nei de falske start fan ôfrûne wike sneon wiene sawol de manlju en froulju fan v.v. Aldegea op revanche út. Allinich kaam der yn beide gefallen in streek troch. Tiisdei waard al bekend dat de wedstriid IJVC 3 - Oudega 1 fan it programma gie om't de klup út Drylts har net oan de coronamaatregels koe hâlde oansjoen al har trije senioarenteams fan harren thús spylden. Freedtejún wie corona eins ek de spulbrekker foar it net troch gean fan de wedstriid Oudega VR1 - SC Bolsward VR1. 

De tsjinstanner út Boalsert hie net allinich te krijgen mei blessueres en mar ek mei spylsters die ferkâlden wiene...ja die corona kin in akkeliche spulbrekker wêze dit seizoen mar der kin ek sa ris misbrûk fan makke wurde.
Nije datum foar IJVC 3 - Oudega 1 is sneon 14 novimber.
Nije datum foar Oudega VR1 - SC Bolsward VR1 is foaralsnoch sneon 17 oktober.

Koartom it wie alwer in stille sneontemiddei op ús sportpark wat der hieltyd kreaser by komt te lizzen. Ofrûne wike waarden ek de tegels om it fjild lein sadat dat ek wer kreas is.

Moarns wie der noch wol jeugdfuotbal wer je hjir de foto's van de wedstriiden OHH JO11-1 - Sneek Wit Zwart JO11-2 en OHH JO9-1 - Zeerobben JO9-1. By die lêste wedstriid tocht de lieder dat it om de finale fan de Champions League gie: "Klets er verdorie nou eens in".....

Freedtejún kaam eindelik de 35+ fan Aldegea wer ris yn aksje. De lêste wedstriid wie wol in moanne of 10 lien mar freed koe it dan wer heve. It dekor wie it moaie sportpark fan SV Hielpen en mei in hânfol punten kaam Aldega tefreden werom. De iepeningswedstriid tsjin Wâldsein waard noch ferlern (1-2), tsjin gasthear Hielpen en Bakhúzen waard in punt pakt (beide 0-0) en yn de lêste wedstriid tsjin NOK (2-1) de folle mep. It soe moai wêze as we in ferslach fan dizze jún krigen.

Sneontemiddei dus gjin fuotbal op sportpark It Joo dus dan gjin je in alternatyf siekjen. Foar my wie dat in wedstriid yn it foar my net ûnbekende Menaam wer't gasthear Foarút it opnimme moast tsjin de fúzjeklup SC Creil/Bant. It bysûndere oan dizze wedstriid is dat Ellen Fokkema har kompetysjedebút makke yn it manljusteam fan Foarút. Sa as bekend is de klup út Menaam in proefknien. Foar it earst yn de skiednis fan it fuotbal docht der in frou mei op it representatieve nivo fan de manlju. Doe de wedstriid spile wie en eltsenien al mei de holle by de tredde helte wie waard Fokkema in pear minúten foar tiid noch ynbrocht. Oan de stân fan 1-4 kaam gjin feroaring mear mar dat hie beslist wol kinnen. De ynwenster fan Slappeterp joech de bal goed foar mar de rjochterspits fan Foarút sjitte de bal yn frije posysje njonken...

Takom wike hooplik wer mear oer v.v. Aldegea as op freed 25 septimber sawol de 45+ (yn Wâldsein) as it frouljus 7-tal (gastfrou) oan de kompetysje begjinne. Op de sneon spilet it manljusteam thús tsjin SC Bolsward 6 wylst de froulju op besite gjin by Mildam VR1. Oant dan!

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen