Eindelik kinne de matadoren fan v.v. Aldegea 45+ wer los. Nei de winterstop/coronabreak/simmerstop stiet (corona en wederdienende fansels) kommende freed 25 septimber de earste spylronde yn Wâldsein op it programma. Njonken Wâldsein binne HJSC en Heech de tsjinstanners. In mini Wymbritskompetysje dus. Leuk mar de mannen fan trainer Wypke Tiesma kinne oan de bak. 
De seleksje fan Aldegea 45+ bestiet freed út de folgende spilers:

Foeke Groenveld, Germ-Jan Hes, Jacob van der Goot, Evert Terpstra, Jelle Osinga, Siemen Osinga, Albert Reinstra, Reinder Hoekstra, Klaas de Groot, Frâns Veldmans en Yme Vonk.

Fertrek om 18.30 by de Doarpswinkel.

It programma foar freed is:
19.30 Oudega - HJSC 
20.00 Oudega - Heeg 
20:30 Woudsend - Oudega

De wedstriden duorje 20 minúten. 

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen