Gewoan op sneon, en wer in thúswedstriid foar Oudega/HJSC/Heeg JO9-1 yn de beker. Op sneon 19 maaie is om 10.00 Nicator JO9-1 út Ljouwert de folgende bekeropponent. Nicator spilet yn 'e 3e klasse 10, Oudega/HJSC/Heeg yn 'e 2e klasse 04. Yn de achtste finale wûn Nicator mei 2-0 fan RWF JO9-2. It liket wer in spektakelstik te wurden op sportpark It Joo mei dit kear wol in fotograaf. De winner pleats har foar de (heale) finale op sneon 2 juny (tiidens it jubileum dus) op De Jouwer. It is in drokke wike foar Oudega/HJSC/Heeg JO9-1. 

Sportpark it Joo yn Aldgea is freed 11 maaie (moarn dus) it dekor fan de 45+ kompetysje. Om 19:30 stean de earste wedstryden op it programma. De seleksje fan Aldegea sjocht er as folgt út: Foeke Groenveld, Germ-Jan Hes, Sjouke Boersma, Evert Terpstra, Jelle Osinga, Frâns Veldmans, Yme Vonk, Folkert Groenveld, Suardus Douwsma en Jurjan Posthuma. Skiedsjochters binne Jetze Terpstra, Patrick Hiemstra en Klaas Jaarsma. Nei ófrin in geselliche nei sit yn de kantine (en wa wit by moai waar it dakterras) mei in hapke en drankje en draaiend rad.

Nei in heroïysk bekergefjocht mei alles er op en er oan hat Oudega(/HJSC/Heeg) JO9-1 harren pleatst foar de kwartfinale fan de beker. Op in moaie simmerske jûn yn maaie mei in soad publyk ferspile it team fan de lieders Almar Stegenga en Rinze Veenstra in 2-0 en 3-2 foarsprong tsjin Jubbega JO9-4. It dappere Jobbegea kaam knap werom yn de wedstriid en nei 40 minúten stie er in 3-3 einstân yn de boeken. Strafskoppen moesten dus de beslissing op in folpakt sportpark It Joo bringe. 

Naar aanleiding van verschillende onderzoeken het afgelopen anderhalf jaar met de KNVB en omliggende verenigingen is gebleken dat er te weinig draagvlak is voor een samenwerking. Daar wij, het huidige bestuur, denken dat een samenwerking een noodzakelijke stap is voor de toekomst van voetballend V.V. Oudega, zijn wij van mening dat wij niet het aangewezen bestuur zijn voor de toekomst van V.V. Oudega. Wij leggen dan ook per 25 mei 2018 unaniem onze bestuurlijke taken neer.