Ûnder in skier foarjierssintsje makke Oudega/HJSC/Heeg JO9-1 op dizze sneon 7 april 2018 gehakt fan Warkum JO9-2: 10-1. In stik spannender wie it op it haadfjild fan v.v. Oudega, wer de Fryske derby tusken Oudega/HJSC/Heeg MO17-1 en Wolvega MO17-1 op it programma stie. De thúsploeg kaam sterk werom fan in 1-3 efterstân oant 3-3. Mar in flater yn de efterhoede betsjut dat Wolvega er dochs noch mei de 3 punten werom kearde nei de Stellingwerven: 3-4. Klik hjir foar it fotoferslach fan ditzze sneon 7 april.

Het was een grote puzzel deze week voor leider Frâns Veldmans om een team van 45 plussers samen te stellen voor de tweede ronde bij ONS Sneek. Uiteindelijk kreeg Wilhelm Roseboom een verouderingskuur en kon hij gelukkig mee zodat Oudega met 9 spelers naar Sneek afreisde. Het werd een moeilijke avond voor de oranjehemden. Het schema ging over de kop omdat FFS geen team op de been kon krijgen en zodoende niet aan de aftrap verscheen. De eerste wedstrijd voor Oudega 45+ was daarom niet tegen Stobbegeasters maar tegen SWZ Boso Sneek. Een kansloze missie: 0-4. Tegen Nieuweschoot en ONS Sneek had het meer kans maar moest het in de slotminuten alsnog het hoofd buigen: 1-2. Geen punten dit keer voor Oudega 45+ maar voldoende bier en geserveerde hapjes door de uitstekende organisatie van ONS Sneek. Het verslag is weer van coach Wiepke Tysma.

It fuotbalwykein begjint foar v.v. Oudega wer op freedtejûn as Oudega 45+ foar de twadde kompetysjeronde ôfreizget nei it Zuidersportpark fan ONS Sneek. Kin it team fan lieder Frâns Veldmans de earste ronde (mei 5 punten út 4 wedstryden) in goed ferfolch jaan? It team fan Aldegea sjocht er moarn as folget út: Foeke Groenveld, Germ-Jan Hes, Sjouke Boersma, Folkert Groenveld, Jelle Osinga, Klaas de Groot, Siemen Osinga, Frâns Veldmans en Wilhelm Roseboom.