Winner(s) Reinjaske edysje 2020/2021 yn it sintsje setten De winner fan it managerspul It Reinjaske edysje 2020/2021 wie al in pear wiken bekend mar is no ek yn it sintsje setten troch organisator Feike Jagersma. Foar v.v. Aldegea foarsitter Gerrit Martens is it winnen fan de wikseltrofee net nij want dizze ludike priis hat wol faker by Martens op 'e skoarstienmantel stien. Njonken de wikselpriis glimket de foarsitter ek yn in gloednij tenue fan syn favorite klup Feyenoord. Op de achterkant fan it shirt syn bynamme "Krul" (yn Aldegea is hy hjir net better ûnder bekend) en rechnûmer 32 (ter eare oan syn favorite spiler Robin van Persie). De spielrondewinners binne ek bekend. Jetze Terpstra en Homme-Hendrik Woudstra binne de gelokkichen en ha moai pakketsje fan de Doarpswinkel krigen (by ôfwezichheid fan Jetze hat soan Jelle dizze priis yn ûntfangst naam). Eltsenien fan herte lokwinske, tank foar de dielname en oant takom seizoen! Want dan ek wer nije rondes en dus nije kânsen!Foarsitter Gerrit Martens yn it wûnen Feyenoord shirt en mei de wikselbokaal!Homme-Hendrik Woudstra mei dochters, yn fan de twa lokkiche winners út de rondewinners!De oare winner út de rondewinners is Jetze Terpstra, soan Jelle naam de priis yn ûntfangst!Eindstand Reinjaske seizoen 2020/2021: 1 gerrit martens 1462 2 mirandaekas 1417 3 jetzeterpstra70 1411 4 Homme Woudstra 1400 5 lieuwew 1391 6 S. Iedema 1378 7 Feike Jagersma 1367 8 Sytske Wiegersma 1358 9 Antsje Wiegersma 1357 10 tsjerkhoogterp 1354 11 jelle terpstra 1306 12 Pascal Vd Velde 1278 13 jennyterpstra19 1266 14 sandermeijer56 1262 15 Dave Van der Leij 1257 16 Boudien Ettema 1235 17 Sietske 1222 18 Abe Valkema 1214 19 rubenveenstra09 1206 20 okkevanderkamp 1181 Henri Kraak 1181 22 Suardus Douwsma 1168 23 Germ Jan Hes 1145 24 sbroersma 1128 25 hertzenharmendejong 1108 26 rinze-githa 1107 27 Aede Hoekstra 1080 28 Frans Veldmans 1075 29 reinold.wassenaar 1069 30 mandyvalkema 1059 31 Cornelis Boersma 1012 32 sanderhiemstra 999 33 wietskebroersmaxx 969 34 silkehoekstra1 939 Rinske Reijenga 939 36 andegroenveld 915 37 heero hoekstra 850 38 silkestilma1312 612