De winner fan it managerspul It Reinjaske edysje 2020/2021 wie al in pear wiken bekend mar is no ek yn it sintsje setten troch organisator Feike Jagersma. Foar v.v. Aldegea foarsitter Gerrit Martens is it winnen fan de wikseltrofee net nij want dizze ludike priis hat wol faker by Martens op 'e skoarstienmantel stien. Njonken de wikselpriis glimket de foarsitter ek yn in gloednij tenue fan syn favorite klup Feyenoord. Op de achterkant fan it shirt syn bynamme "Krul" (yn Aldegea is hy hjir net better ûnder bekend) en rechnûmer 32 (ter eare oan syn favorite spiler Robin van Persie).

De spielrondewinners binne ek bekend. Jetze Terpstra en Homme-Hendrik Woudstra binne de gelokkichen en ha moai pakketsje fan de Doarpswinkel krigen (by ôfwezichheid fan Jetze hat soan Jelle dizze priis yn ûntfangst naam). Eltsenien fan herte lokwinske, tank foar de dielname en oant takom seizoen! Want dan ek wer nije rondes en dus nije kânsen!
KrulFoarsitter Gerrit Martens yn it wûnen Feyenoord shirt en mei de wikselbokaal!
HommeHomme-Hendrik Woudstra mei dochters, yn fan de twa lokkiche winners út de rondewinners!
JelleDe oare winner út de rondewinners is Jetze Terpstra, soan Jelle naam de priis yn ûntfangst!

Eindstand Reinjaske seizoen 2020/2021:

1 gerrit martens   1462
2 mirandaekas   1417
3 jetzeterpstra70   1411
4 Homme Woudstra   1400
5 lieuwew     1391
6 S. Iedema   1378
7 Feike Jagersma   1367
8 Sytske Wiegersma   1358
9 Antsje Wiegersma   1357
10 tsjerkhoogterp   1354
11 jelle terpstra   1306
12 Pascal Vd Velde   1278
13 jennyterpstra19   1266
14 sandermeijer56   1262
15 Dave Van der Leij   1257
16 Boudien Ettema   1235
17 Sietske     1222
18 Abe Valkema   1214
19 rubenveenstra09   1206
20 okkevanderkamp   1181
  Henri Kraak   1181
22 Suardus Douwsma   1168
23 Germ Jan Hes   1145
24 sbroersma   1128
25 hertzenharmendejong 1108
26 rinze-githa   1107
27 Aede Hoekstra   1080
28 Frans Veldmans   1075
29 reinold.wassenaar   1069
30 mandyvalkema   1059
31 Cornelis Boersma   1012
32 sanderhiemstra   999
33 wietskebroersmaxx   969
34 silkehoekstra1   939
  Rinske Reijenga   939
36 andegroenveld   915
37 heero hoekstra   850
38 silkestilma1312   612