Op freed 1 oktober oansteande fynt dan eindeliks wer in ledengearkomste fan v.v. Aldegea plak. Troch de coronacrisis koe dit it ôfrûne seizoen net plak fine, de lêste ledengearkomste wie op freed 31 jannewaris 2020 (krekt foar de pandemie dus). Op freed 1 oktober om 20 oere sit it dus wer yn M.F.C. It Joo heve. Sa as earder al bekend wie wurdt Jacob van der Goot foardroegen as nije ponghâlder, Feike Jagersma ferlit it bestjoer. Tsjinkandidaten kin harren oant 24 oeren foar de gearkomste melde by it bestjoer. Oant freed 1 oktober!

 Agenda ledenvergadering 2021

Plaats reactie


Beveiligingscode
Vernieuwen